Kom yn ‘e kunde mei de Fryske literatuer op in leechdrompelige wize, ûntdek alles oer it Oera Linda-boek en ûntdek hoe’t fjouwer skriuwers foar de Twadde Wrâldoarloch harren minderheidstaal-literatuer op de ynternasjonale kaart set hawwe. De trije lêzings wurde yn ’t Frysk jûn.


De provinsje Fryslân hat hjoed yn in parseberjocht fiif nominaasjes bekendmakke foar de Gysbert Japicxpriis 2017.
De priis wurdt takend foar poëzij, ferskynd yn de jierren 2013-2016.

De nominearre bondels binne:

Hjoed binne op de website fan de DBNL (digitale bibliotheek voor de Nederlandse letteren) alle jiergongen fan de literêre tydskriften  De Tsjerne (1946-1968) en Trotwaer (1969-2002) beskikber kommen.