De nije dokumintêre “Yn dit lânskip leit myn libben” dy’t op it Noordelijk Filmfestival 2017 yn premjêre gien is wol Tresoar yn 2018 yn it ramt fan Lân fan taal in ynternasjonaal publyk yn 'e kunde komme litte mei de skjintme fan de Fryske literatuer.
Hylke Speerstra, suksesfol Frysk skriuwer fan boeken as 'De oerpolder' en 'Op klompen troch de Dessa', Huub Mous, keunsthistoarikus en kultuerkritikus en skriuwer fan boeken lykas 'De Fries die in de toekomst sprong' en 'Fries modernisme in de jaren zestig', en skriuwster Hilda Talsma, bekind fan boeken as 'De twadde hûd', skriuwe elk in brief oan in al ferstoarne Fryske skriuwer.
De dokumintêremakkers Halbe Piter Claus en Ismael Lotz besykje sa Fryske populêre skriuwers fan hjoed-de-dei en in kritikus in ferbining meitsje te litten mei har literêre foargongers. Mei argyfbylden en sfearfolle nij makke bylden rûnom út de hiele provinsje en literêre sitaten wurdt de rykdom en it belang fan de Fryske literatuer mei in film ferbylde.
De film is Frysk sprutsen en yn it Nederlânsk ûndertitele.