Iepen hûs by Tresoar op 3 febrewaris

Feestlike ôftraap fan Lân fan Taal-aktiviteiten by Tresoar

Op sneon 3 febrewaris stiet Tresoar yn it middelpunt fan de belangstelling yn it iepeningswykein fan Lân fan Taal, in belangryk ûnderdiel fan Ljouwert/Fryslân 2018. Besikers kinne by dizze feestlike middei genietsje fan útstallingen, optredens, lêzingen en performances. De start fan in breed, ferrassend en ferdjipjend 2018. wy nûgje dy fan herte út om by dizze middei oanwêzich te wêzen.

Taal tekst en byld

Mei it opfallende motto Sssstt...! hjir flústeret de tiid . Tresoar is in jier lang dwaande mei it fertellen fan it ferhaal fan de Fryske kultuer, literatuer en skiednis. Mei nije middels, grutte LED0-skerms en 4 meter hege 'poëzymasjines' presintearje dichters en keunstners it hiele jier troch harren wurk en wurdt it ferhaal fan de fisuele poëzy yn Fryslân en Europa ferteld. Ek binne der it hiele jier útstallingen, lêzingen en aktiviteiten lykas Kofje Spesjaal. Sa kinne besikers de topstikken fan Tresoar bewûnderje, nei it midsiuwske Aldfrysk harkje en draaie der boeiende films yn de Histobios.

Programma

15.00 Iepening troch direkteur Bert Looper fan Tresoar en start fan de poëzymasjine troch Eeltsje Hettinga, Machteld van Buren, Sytse Jansma, Hans Wijnbergen, Grytsje Schaaf, Elmar Kuiper, Irem Kaneli en Stijn Smit.

15.30 en 16.30 Minikolleezjes 'Quatrebras als Europees tijdschrift'troch BErt Looper en 'Visuele poëzie in Europa'troch Ernst Bruinsma

15.30-18.00 Poëzyfantasy foar kreative âlders en bern

16.00 Iepening Histoarysk Reisburo troch Grutte Pier

16.30 Foardracht gedicht 'de greate wrakseling'(1963) fan Hessel Miedema troch Jelle Krol

17.00 -18.00 Literêre peepshow (sjoch de Sirkwy Facebookside)

17.00-17.30 Minikolleezje troch gastkurator Frank den Oudsten

Fan 15.00 ôf binne alle  útstallingen en presintaasjes tagonklik. Ek binne de depots iepen foar publyk.