Willem Schoorstra skriuwt Kadoboek 2019
Willem Schoorstra út Ternaard is de auteur fan it Fryske Kadoboek 2019. Schoorstra (1959) krige yn 2005 de Fedde Schurerpriis foar Swarte Ingels. Neist skriuwer is Schoorstra ek kolumnist by Omrop Fryslân. Dizze simmer wurdt it iepenloftspul Rêdbâd yn de teatertún fan Broeksterwâld opfierd, dat basearre is op syn roman Rêdbâd – kronyk fan in kening. Fan dit boek ferskine ynkoarten in Nederlânske oersetting en in Frysktalige werprintinge. Yn 2017 ferskynde fan syn hân de roman De nacht fan Mare. It inisjatyf foar it Kadoboek komt fan 'e stichting Boeken fan Fryslân. (Boarne LC.)