Sjuery Rink van der Veldepriis 2018

De boeken dy’t yn 2016 en 2017 ferskynd binne en yn ‘e beneaming kamen om lêzen te wurden troch de sjuery, binne lêzen en hifke troch: Andries van Weperen, Alian Akkermans-Hofstra en Janny Bottema-de Jong. Hjirby in lyts foarstelrûntsje:


Andries van Weperen (1947) komt van De Haule, waor by him thuus Stellingwarfs praot wodde, mar mit goen leden ùt de femilie ok Fries. Hi’j warkte eerst op de Volkshogeschoele Allardsoog en laeter bi’j Noordplan in’t orgeniseren van van alles en nog wat. Hi’j leest wakker graeg en het doarbi’j altied ok nocht hat an Friese schrieveri’je.

Alian Akkermans-Hofstra (1949) komt fan  'e Tynje en kaam mei it Frysk yn 'e kunde op jonge leeftyd troch it boek Moarke fan A. de Vries. Us protters yn it fûgelhûske hjitten dan ek altyd Hindrik en Hinke!
Se wie ûnderwizeres op 'e Gordyk (Trimbeets) yn de Wylgen en yn Aldeboarn. Dêrnei wurke se 25 jier by de Afûk. Nocht oan lêzen hie se altyd al.

Janny Bottema-de Jong (1949) is berne yn de Lege Geaën mar wennet no oan de oare kant fan de Swette. Se hat yn de perioade dat se wurke by de Stichting It Fryske Boek kisten fol boeken troch de hannen hân. Har taak wie om de Fryske (berne)literatuer te promoaten en dat barde troch aksjes wêrfan’t de Sutelaksje troch hiel Fryslân en de Fryske Boekewiken de meast bekende wiene. Se hat yndertiid ek mei Rink van der Velde ûnderweis west yn de boekebus om utens en genoaten fan syn smoute ferhalen en hearlike rikke iel.  It byhâlden fan de Fryske litearatuer wie it logyske gefolch fan har wurk en lêzen is noch altyd ien fan har grutste hobby’s.