In wike yn it teken fan libben en wurk fan Rink van der Velde. Gemeente Smallingerland organisearret mei It Frysk Gea, Stifting FLMD, Tresoar en in grutte groep frijwilligers fan 14 oant en mei 23 juny de Wike fan Rink. Om ekstra omtinken te freegjen foar de Fryske taal en om it oantinken oan de Fryske skriuwer libben te hâlden. De wike is in ûnderdiel fan LF2018.

Tongersdei 14 juny is de presintaasje fan de werútjefte fan Beafeart nei Saint-Martin. Op 15 juny is de útrikking fan de Rink van der Veldepriis 2018 oan Willem Schoorstra. Yn de wike dêrnei binne der in tal aktiviteiten organisearre. Hjirûnder in beheind oersjoch. In wiidweidiger ferzje is te finen op www.smallingerland.nl.

 

Tongersdei 14 juny
Werútjefte boek Rink van der Velde. Café Marktzicht, 17.00 oere (ynrin 16.45 oere), tagong fergees.

Freed 15 juny
Utrikking Rink van der Veldepriis 2018 en bekend meitsjen tydlike bewenners Skriuwersarke 2018. Op útnûging.

Sneon 16 juny
Spesjaal omtinken foar Rink van der Velde syn wurk en de nominearre boeken fan de Rink van der Veldepriis 2018 by Boekhannel Van der Velde, Drachten.

Moandei 18 juny
Sutelaksje mei Fryske boeken yn Aldegea. Frijwilligers fan Aldegea komme mei kroaden Fryske boeken by de doarren del. 16.00 - 20.00 oere.

Tiisdei 19 juny
Fryske literêre jûn mei de 3 nominearre skriuwers fan de Rink van der Veldepriis 2018. Biblioteek Drachten, 19.30 oere, tagong fergees.

Tongersdei 21 juny
Ferhalejûn, bekend meitsjen winner skriuwwedstryd kroechferhalen en in kwis oer Rink van der Velde. Café Marktzicht, 20.00 oere, tagong fergees.

Freed 22 juny
Iepening útstalling Anne Woudwijk “Beitelje yn ‘e siel” en presintaasje film “Thuis”. Iepening foar gasten op útnûging, fan 23 juny ôf is de útstalling fergees te besjen.

Sneon 23 juny
Konsert fan de band Bokwerder Onbelang. Café Marktzicht, 20.00 oere, tagong fergees.