Freed 30 novimber 2018 is it skilderij ûntbleate dat keunstskilder Gerrit Terpstra yn opdracht  fan Tresoar makke hat fan de GJ-winner Eppie Dam.

Minister fan Ynlânske Saken Kajsa Ollongren en Kommissaris fan ‘e Keninginne soargen derfoar dat it skilderij sichtber waard foar it oanwêzige publyk.

Yn 2017 wûn Eppie Dam mei syn dichtbondel ‘Fallend ljocht’ de Gysbert Japicxpriis. De heechste literêre priis fan Fryslân. Tresoar hat de Fryske keunstner Gerrit Terpstra frege om in portret fan Eppie Dam te meitsjen.

Op 30 novimber 2018 is it nije portret ûntbleate troch minister Kajsa Ollongren. It nije skilderij is te besjen yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar dêr’t ek de oare portretten hingje fan eardere GJ-priiswinners. It bysûndere oan it portret is, dat der sân portretten makke binne, dy't mei in klem fêstmakke binne. It skilderwurk is net ynliste. Neffens de skilder hat ien persoan meardere gesichten. De dichter en de skilder ha yn ûnderling oerlis it portret útsocht wat by it artikel pleatst is. Under de klem sitte de oare seis farianten. Op de ûntbleating fan it portret, krigen alle oanwêzigen in laparello mei alle sân portretten der op en mei it titelgedicht ‘Fallend ljocht’ út de priiswinnende bondel.