Tsead Bruinja is ‘Dichter des Vaderlands’ 2019-2020

Tsead Bruinja is de nije dichter des Vaderlands. De 44-jierrige Fryske Amsterdammer nimt de titel oer fan Ester Naomi Perquin, dy’t de ôfrûne twa jier it amt beklaaide. Bruinja, de sânde ‘Dichter des Vaderlands’, waard keazen troch in beneamingskommisje fan kenners en dichters. Hy sil de kommende twa jier gedichten skriuwe by nasjonale barrens en optrede as ambassadeur fan de poëzij.

Bruinja (Rinsumageast, 1974) is neffens de kommisje ‘in dichter dy’t yn earlike, ienfâldige wurden sawol gefoelich as skerp wêze kin, dy’t in ynfal of anekdoate ta gedicht ferheffe kin en rauheid en lyryk ôfwikselet’.

Bruinja is boppedat ‘in befleine ambassadeur foar de poëzij yn de breedste sin: as blomlêzer, performer op poadia en yn de media, organisator fan eveneminten en oanjeier fan krúsbestowings mei oare keunstfoarmen. Hy beweecht yn syn engazjearre dichterskip muoiteleas tusken binnewrâld en bûtewyk – en dêr’t it wol muoite kostet, leveret dat spannende poëzij op.’ De gedichten dy’t Bruinja by aktuele barrens skriuwe sil, wurde publisearre yn de NRC.

Bruinja debutearre yn 2000 as dichter en publisearre sûnt dy tiid tolve bondels, yn it Nederlânsk én yn it Frysk, lykas syn twatalige lêste bondel  ‘Hingje net alle klean op deselde kapstôk/ Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok’ (2018). Hy wie tsien jier lyn ien fan de kandidaten foar it amt fan ‘Dichter des Vaderlands’, doe’t de titelhâlder noch troch in publyksstimming bepaald waard.

‘Ik wol de minsklike kant fan ‘e saak beljochtsje, sykje nei de nuânse’, seit Bruinja freed 18 jannewaris yn NRC syn benadering as ‘Dichter des Vaderlands’. ‘Mar ik moat ek rûmte ha om lulk te wêzen – en dan miskien ûngelyk te krijen. Mar dat is ék in stim yn ‘e mienskip. De publike rûmte is in moetingsplak fan útienrinnende, útsprutsen mienings. Dat meie myn gedichten ek wêze.’

www.dichterdesvaderlands.nl

De beneamingskommisje bestie út Arie Boomsma (blomlêzer en presintator), Radna Fabias (dichter), Eva Gerlach (dichter), Menno Hartman (Poëzieclub), Marije Koens (organisator poëzij-eveneminten), Feline Steekstra (Poetry International) en Thomas de Veen (NRC).

De ‘Dichter des Vaderlands’waard yn 2000 ynsteld as in inisjatyf fan Poetry International, de NPS en NRC Handelsblad. De funksje is sûnt beklaaid troch Gerrit Komrij, Simon Vinkenoog, Driek van Wissen, Ramsey Nasr, Anne Vegter en Ester Naomi Perquin. Mei yngong fan dizze termyn is de organisaasje en koördinaasje fan de ‘Dichter des Vaderlands’ yn hannen fan de nije Stichting Dichter des Vaderlands, dy’t oprjochte is ten behoeve fan de kontinuïteit en in gruttere mooglikheid ta fûnsewerving. De ‘dichter des Vaderlands’wurdt stipe troch en wurket gear mei partners Poetry International, het Nederlands Letterenfonds, Stichting Lezen, de Schrijverscentrale, Koninklijke Bibliotheek, NRC en Poëzieclub.

Foto: Tessa Posthuma de Boer