De Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, freget, yn gearwurking mei It Skriuwersboun om de bêste Nederlânske oersetting fan syn gedicht 'De redens fan it wurd'.

 

DE REDENS FAN IT WURD

 

Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis,

yn katedralen ek en hannen fan fammen

op de grutte winterflakten fan de rivier.

 

Fearren fynt de wyn yn nacht syn gesicht

sa’t har wêzen, ûnder de tijen ferdwûn,

stal kriget yn de bylden fan it gedicht –

 

it fers dat net hâldt: de redens fan it wurd,

it gewicht fan al wat oan langstme bestiet,

o, swierder is as de taal dy’t har bewiist

 

as ferrifeljend – iennachtsiis, brekber en

net te betrouwen, dat nea de lading dekt

fan wat streek meitsje wol, plak ek, om

 

har, oare kant it skimerjen fan de rivier.

Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis.

Al wat fan har is, is de slach dy’t ik mis.

 

De bekendmakking fan de bêste Nederlânsktalige oersetting is op sneon 30 maart op de literêre jûn mei de skriuwer fan it Boekewikegeskink, Jan Siebelink en de Dichter des Vaderlands, Tsead Bruinja yn Ljouwert, yn it ramt fan de Boekewike.

De bêste oersetting fan it gedicht wurdt beleanne mei in publikaasje en €250,00. De sjuery bestiet út Marleen Nagtegaal, Joost Oomen en de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga. Ynstjoere kin fia: Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen. o/m snein 24 maart.