Alwer de 65ste kear dat Fryske dichters en ferhaleskriuwers meidwaan kinne oan de skriuwwedstryd.
Hoe kinst meidwaan?

Skriuwers fan Fryske ferhalen of fersen kinne gading meitsje nei in Rely Jorritsmapriis.
De  bêste bydragen wurde beleanne mei in jildbedrach, te witten €1000, sawol foar in ferhaal as in fers.
Yn ’e beneaming komme oarspronklike gedichten en koarte ferhalen yn it Frysk.
It ferhaal of gedicht moat skreaun wurde yn Word.
Stjoer jo ferhaal of gedicht as bylage yn oer de e-mail:  Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen.
Set yn de e-mail ek jo namme, adres, wenplak en telefoannûmer. Dizze personalia bliuwe geheim, de ferhalen en fersen wurde anonym nei de sjueryleden stjoerd. Allinne de nammen fan dejingen dy’t in priis winne, wurde bekend makke.
It yn te stjoeren wurk mei net earder ferspraat of publisearre wêze, op ynternet stien hawwe, earne foarlêzen wêze of op in oare wize nei bûten ta brocht.
Elk mei net mear as ien gedicht en/of ferhaal ynstjoere. 
De ynstjoeringen wurde net weromstjoerd. Oer de útslach kin net korrespondearre wurde.