De Ljouwerter krante hat in oprop dien om minsken oan te poenen om titels fan Fryske boeken oan te melden mei in motivaasje wêrom as oaren krekt dàt boek lêze moatte soene.

Dit yn ferbân mei De Moanne fan it Fryske Boek dy’t sneon yn Neushoorn fan start gien is mei it Frysk Boekebal. Ljouwert wol ‘City of Literature’ wurde, as in soarte fan fuortsetting fan Kulturele Haadstêd. De UNESCO kent dy titel ta oan stêden dêr’t literatuer oant yn it ûnderwiis in wichtige rol yn spilet.

It is in kâns foar de Fryske literatuer! Wat riedst ien oan dy’t in Frysk boek lêze wol? De LC freget kenners om in boek nei foarren te skowen, dat in oanrieder is, mar lêzers kinne ek boeken foardrage, mei in motivaasje derby fia: This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it..