Op snein 7 april hat Janneke Spoelstra yn it doarpshûs fan Hijum twa nije boeken presintearre: de roman De parallaks en de dichtbondel Wij yn 'e draaimûne.

Janneke is hikke en tein yn Hijum en gie nei de Arjen Roelofsskoalle, dat no it doarpshûs is. De seal siet moai fol. Nei de iepening troch Janneke joech Ernst Bruinsma (útjouwer) in ynlieding op beide boeken. Dêrnei wiene der optredens fan de skriuwers Syds Wiersma (syn pake wie timmerman yn Hijum), Sytse Jansma (syn pake wie wethâlder fan Ljouwerteradiel) en Baukje Zijlstra. It earste eksimplaar fan de dichtbondel wie foar âld-skoalmaster Sieb Lemstra en de roman waard oanbean oan Gerda Tolk. Sy is it boechbyld fan rôs Fryslân en fertelde dy middeis oer har jierren yn Ljouwerteradiel, en lies it ferhaal ‘In leafde sûnder ein’ fan Sipke de Schiffart foar. Der wie ek muzyk fan Herman Peenstra.  


De parallaks
Yn De parallaks, dy’t in simmerhealjier tusken Ljouwert en It Amelân beslacht, komme trije froulike haadpersoanen oan it wurd: Famk dy’t tritich wurdt, Lokke dy’t fyftich en Wyb dy’t santich wurdt. Alle trije identifisearje se harsels as lesbysk, mar troch it ferskil yn leeftiid is it perspektyf hiel oars. De libbens fan ‘e froulju rinne soms mei-inoar op, mar úteinlik folgje se alle trije har eigen wei.
De Parallaks 2019
Wij yn 'e draaimûne
Wij yn ‘e draaimûne is de tredde dichtbondel fan Janneke Spoelstra. Yn dizze bondel wurdt it ûndersykjen fan it eigen plak op ‘e wrâld trochset en wurdt wjerstân bean oan net allinne it ferlies fan neisten, mar ek fan soks saakliks as in gemeente.
Wij yn e draaimne 2019
Janneke Spoelstra
Spoelstra folge in oplieding ta medysk analiste. Se hie ek wol wat mei taal dwaan wollen, mar omdat in tale-stúdzje meastal betsjut dat je it ûnderwiis yngeane, besleat se om dêr net foar te kiezen. Skriuwe hat se fan jongs ôf oan dien, as fanke skreau se bygelyks yn it kuorbalkrantsje de Goocheme Goaijer.

Se debutearre yn boekfoarm mei de útjefte fan de dichtbondel Goeie is it wachtwurd (2004). De gedichten fan Janneke Spoelstra ûnderskiede har troch har ienfâld en direkte formulearringen. Se skilderet mei sa min mooglik wurden bylden út it no en en út har ferline. It fers ‘Fytse’, dat opnaam is yn de bondel, kin beskôge wurde as ien fan de earste fersen yn har oeuvre dêr’t se yngiet op homoseksualiteit.

Folle yngeander beskriuwt se har lesbysk wêzen yn de ferhalebondel In Jikse-libben, dy’t yn 2008 ferskynde. Spoelstra is dêrmei de earste skriuwster yn de Fryske literatuer dy’t de leafde tusken froulju ta ûnderwerp fan har ferhalen makket.

Lês mear oer Janneke Spoelstra yn har biografy op Sirkwy.