Wat wit ik fan dizze wrâld? Algemien kultureel opinyblêd de Moanne skriuwt in wedstryd út oer de bining mei de werklikheid fan proazaskriuwers. Op dizze wize wol de redaksje stilstean by it feit dat it 50 jier lyn is dat it earste nûmer fan Trotwaer ferskynde, de foarrinner fan de Moanne.
Oan ‘e ein fan 2019 wol de redaksje in folslein nûmer meitsje mei bydragen dy’t oer ús wrâld geane. Is dit de wrâld dêr’t wy ús yn thús fiele, meitsje wy him stikken of krekt noch wat moaier? Skriuw it op as fan dy ôf en doch mei.
Meidwaan? Elkenien kin in ferhaal, kollum, gedicht of audio- of filmfragmint ynstjoere nei: Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen..