Der binne fiif skriuwers nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2019. Fan 't jier wurdt de priis útrikt foar de kategory proaza.

De nominearren binne (yn alfabetyske folchoarder):

Hein Jaap Hilarides
De trekker fan Troje (Bornmeer)
GJpriis 2019 Trekker fan Troje
Aggie van der Meer

De achttjin (Afûk)
GJpriis 2019 de achttjin

Elske Schotanus
Wurk (Afûk)
GJpriis 2019 wurk

Nyk de Vries
Renger (Afûk)
GJpriis 2019 Renger

Ale S. van Zandbergen
Famke famke (Het nieuwe kanaal)
GJpriis 2019 Famke famke

De nominearren binne selektearre troch in ûnôfhinklike sjuery. Grytsje Schaaf, Houkje Rijpstra en Atte Jongstra beoardielen 70 Fryske proazaboeken út de perioade 2015 – 2018.

De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste priis fan de Fryske literatuer. De winner fan de Gysbert Japicxpriis ûntfangt in bedrach fan €10.000,- en in oarkonde. De namme ferwiist nei de Fryske dichter Gysbert Japicx, berne yn Boalsert. De priis waard yn 1947 ynsteld troch it provinsjaal bestjoer. Dichter Obe Postma wie yn dat jier de earste winner fan de Gysbert Japicxpriis. De priis yn 2019 wurdt útrikt op 16 novimber.