Twa ferhalen en trije gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 65ste kear útskreaun waard, wiene 81 ynstjoeringen ynkommen, te witten 56 gedichten en 25 ferhalen.

It giet om de ferhalen ‘Ik doch it foar dy’ fan Elmar Kuiper út Jorwert en ‘Kimboeëwij’ fan Geert Nauta út Wergea. De winnende gedichten binne ‘Sleau mei lok’ fan Jetske Bilker (Achlum), ‘Wy kinne…’ fan Henk Nijp (Mantgum) en ‘Ik miende’ fan Remco Kuiper (Goutum).

De sjuery bestie diskear út Karen Bies, Douwe Kootstra en Inge Heslinga. De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 5 oktober útrikt yn it doarpshûs te Weidum.

Sjoch foar alle ynformaasje oer de Rely Jorritsmapriis op Sirkwy.