De kommende dagen sette wy de fiif nominearren foar de Gysbert Japicxpriis yn it ljocht. Hjoed de earste: De trekker fan Troje fan Hein Jaap Hilarides.

Ynhâld fan it boek:
Friso Wassenaar is lobbyist yn Brussel. Hy wrakselet mei syn identiteit yn it postmoderne Europa. Syn twillingbroer Hero sit op de pleats dêr’t de Wassenaars al generaasjes op buorkje. Heit Klaas Wassenaar is harren foarbyld. Yn 1990 wie hy de lieder fan in grutte boereaksje. It belied fan de Europeeske Uny bedrige de boeren yn harren fuortbestean.
Tweintich jier letter stride Friso en Hero foar de autonomy fan Fryslân. Mei in leger fan trekkers besette se Brussel. Dan komt heit ûnder in muorre en ferûngelokket. It docht bliken dat de hiele erfenis nei Hero giet. Boppedat hat de twilling noch wat út te fjochtsjen. Se falle op deselde frou: Andrea Kalma. Stap foar stap wurket Hilarides ta nei in thrillerachtige ûntknoping.

De advyskommisje oer it boek:
"It tema identiteit wurdt lyts- en grutskalich útwurke, wêrby’t de ferhâldings fan de karakters ûnderling én dy fan mienskippen op it plattelân mei Europa sintraal stean. De feroarjende belangen en doelen fan de haadpersoanen en de goede saak nimme de lêzer mei nei in spannende ûntknoping.”

Mear witte:
- Oer it boek
- Oer de skriuwer
- Oer de Gysbert Japicxpriis
- Oer de nominearren fan dit jier

GJpriis 2019 Trekker fan Troje