De kommende dagen sette wy de fiif nominearren foar de Gysbert Japicxpriis yn it ljocht. Hjoed de twadde: De achttjin fan Aggie van der Meer.

Ynhâld fan it boek:
Yn De Achttjin wurdt it libben beskreaun fan de Joad Ferenc Hacha dat yn 1925 begûn yn Dresden, Dútslan. Sintraal yn it boek stiet de situaasje yn Tsjecho-Slovakije nei de selsferbaarning fan Jan Palach. Dy kaam ta syn died neidat Moskou yn augustus 1968 mei geweld in ein makke hie oan de saneamde ‘Praachske Maitiid’. Ferenc Hacha is op dat stuit lid fan it Politburo, dat achttjin leden telt. Ut dy posysje wei sjocht er werom nei syn betiizjend ferline en foarút nei in lang ûnwisse takomst.

De advyskommisje oer it boek:
“De benearjende sfear fan it libben efter it izeren gerdyn krijt op in bysûndere wize stâl yn dit ferhaal. Stadichoan wurdt de lêzer meinaam yn in sitewaasje wêryn’t gjinien mear te fertrouwen is en wat soks docht mei in minske.”

Mear witte:
- Oer it boek
- Oer de skriuwer
- Oer de Gysbert Japicxpriis
- Oer de nominearren fan dit jier

GJpriis 2019 de achttjin