De kommende dagen sette wy de fiif nominearren foar de Gysbert Japicxpriis yn it ljocht. Hjoed de fjirde: Wurk fan Elske Schotanus.
Ynhâld fan it boek:
Haadpersoan Jasper kriget te hearren dat kollega Jakob it kontakt mei in wichtige klant fan him oernimme sil. Dy drûge meidieling set Jasper derta oan it wurk te litten foar wat it is. In soad kâns op oar wurk is der net, hy rint tsjin 'e sechstich. Uteinlik beslút er om net nei hûs te gean. Al omswalkjend set er syn bestean op 'e kop en freget er him ôf hoe't it kin dat er yn stee fan keunstner in saaklik tinkende kantoarman wurden is. Sa bedarret er yn museum Belvédère, wêrmei't syn libben op in nij spoar útkomt: dat fan de keunst.
De advyskommisje oer it boek:
"In oansprekkend tema – wurkleazens, it roer folslein omgoaie – wurdt troch Schotanus op fernimstige wize ynklaaid en útwurke. De ûntjouwing fan de haadpersoan en de swierrichheden dy’t hy tsjinkomt as hy werom wol nei syn eardere kreative kant, nimme de lêzer mei yn it ferhaal."
Mear witte:
- Oer it boek
- Oer de skriuwer
- Oer de Gysbert Japicxpriis
- Oer de nominearren fan dit jier