Op 14 septimber waard mei in literêr en muzikaal program feestlik betocht dat it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) sechstich jier lyn oprjochte is. Hoewol't it FLMD begjin dizze iuw ien fan de partijen wie dy't mei-inoar Tresoar foarmen, is der noch altiten in stifting dy't projekten foar de Fryske literatuer stipet.

It program bestie út koarte taspraken en muzyk en foardracht. Willem Verf iepene de middei, Tineke Steenmeijer fertelde oer de skiednis fan it FLMD, wylst Bert Looper yngie op de hjoeddeiske en takomstige taken fan Tresoar. Muzyk wie der fan it jonge talint Elise Westerhof, dy't meidien hat oan Sjong! en it FeRstival. Oanstoarmjende dichters lieten fan har hearre yn de earste Frysktalige poetry slam; in lytse wedstryd mei gedichten. Ilse Vos waard troch it publyk útkeazen as winner. Oan trije 60-jierrige skriuwers waard in unyk Frysk literêr kwartet oanbean, dat spesjaal foar dit jubileum makke is. En dan brochten Gysbert Japicx, Obe Postma en Simke Kloosterman ek noch in besite oan 2019. Folle net genôch dus.

Foto's: © Bob de Boer.

2019 09 14 FLMD

2019 09 14 FLMD6

2019 09 14 FLMD2

2019 09 14 FLMD 7

2019 09 14 FLMD 3

2019 09 14 FLMD 4