Wa wie Waling Dykstra? Om dy fraach te beantwurdzjen hat Abe de Vries, gastkurator fan de tentoanstelling yn Obe, in nije biografy foar op Sirkwy skreaun. Dy biografy jout in byld fan syn libben, mar benammen oer syn wurk. Men krijt in goede yndruk fan it ûnbidich soad wurk dat Dykstra ferset hat.

As ferdjipping en oanfolling by de fysike útstalling is op Sirkwy in dossier oer Waling Dykstra makke. Yn dat dossier wurde troch saakkundigen, mar ek troch studinten bydragen pleatst oer Waling Dykstra en aspekten út syn wurk en libben. Sa ûntstiet der in lytse digitale tentoanstelling en foarmet it mei dy yn Obe in moai gehiel. Sjoch foar it berjocht oer de nije biografy: Wa wie Waling Dykstra?