De Gysbert Japicxpriis wurdt fan ‘t jier takend oan skriuwster Aggie van der Meer út Boalsert. Deputearre Sietske Poepjes hat Aggie van der Meer op 25 septimber in besite brocht om dat feestlike nijs persoanlik te fertellen. Op sneon 16 novimber wurdt de Gysbert Japicxpriis 2019 yn de Martinitsjerke in Boalsert útrikt.

Aggie van der Meer ûntfangt de priis foar har hiele oeuvre. De advyskommisje prizet de skriuwster om har echte, minsklike ferhalen: “Aggie van der Meer is gjin auteur fan tsjokke boeken. It wûnderbaarlike sit ‘m yn wat sy yn al har romans en ferhalen, mar ek yn har gedichten, oan rykdom sjen lit. Wy sjogge der allinne mar echte minsken yn. Fan Friezen, Tsjechen oant Sjinezen. Van der Meer krûpt yn de holle fan Roomsken, Kalvinisten, Joaden, en wy fiele mei harren allegearre mei. Hoe’t dat kin? It is troch Aggie’s sosjale, algemien minsklike pinne. Har wurk is kaleidoskopysk, alle kleuren komme foarby, en trochj har linich, natuerlik-psychologysk skriuwerskip begripe wy folle mear fan ússels, en alle oare minsken om ús hinne”.

Aggie van der Meer
Aggie van der Meer (1927) is op 2 septimber 1927 berne yn Boalsert. Se wie learares tekenjen oan de iepenbiere mavo yn Boalsert. Om 1970 hinne begûn se tegearre mei har man in bedriuw foar túnûntwerp en túnoanlis. Dêrneist wie Aggie van der Meer aktyf yn de fredesbeweging. Van der Meer wie al wat âlder doe’t se begûn mei it skriuwen fan gedichten en proaza. Yn it jier 2000 publisearre se har earste boek De stêd, it bist, de ingel. Dêrnei skreau se ferskate romans, poëzybondels en toanielstikken.

Nominearren
De fjouwer oare nominearren wiene Hein Jaap Hilarides mei De trekker fan Troje, Elske Schotanus mei Wurk, Nyk de Vries mei Renger en Ale S. van Zandbergen mei Famke famke. Mear ynfo oer de nominearren: op Sirkwy.

Gysbert Japicxpriis
De Gysbert Japicxpriis is de meast wichtige literêre priis fan Fryslân. De provinsje Fryslân rikt de Gysbert Japicxpriis om de twa jier út, de iene kear foar proaza de oare kear foar poëzy. Dit jier giet it om proaza ferskynd yn de jierren 2015 oant en mei 2018. De advyskommisje bestie fan ‘t jier út Grytsje Schaaf, Houkje Rijpstra en Atte Jongstra.

De priis bestiet út in bedrach fan € 10.000 en in oarkonde.

Berjocht fan de provinsje Fryslân.