No tongersdei, 26 septimber, om 11.30 oere wurdt op it plein foar de Blokhúspoarte de poëzystien mei it troch Eeltsje Hettinga skreaune gedicht ‘Net te beteljen’ oer frijwilligers ûntbleate: dat is in inisjatyf fan it Prins Bernhard Fûns.
Dêrnei om 12.15 oere sil útjouwerij Perio de troch Richard Bos typografysk singelier moai fersoarge útjefte fan it gedicht ‘Nachtspraak’ presintearje.

 byldwurkIt byldwurk is fan Anne Feddema. Skriuwer-ûndersiker Pieter Breuker jout in taljochting op it gedicht. De presintaasje fynt plak yn De Schepperij, Oude Oosterstraat 14 yn Ljouwert.

Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga reflektearret yn syn poëzy gauris op aktueel maatskiplike ûnderwerpen. Ek út syn wurk as Dichter fan Fryslân (2017-2019) sprekt dat engaazjemint. Yn ‘Nachtspraak’, in lang gedicht oer de fûnling Kaspar Hauser, leit Hettinga ûnder mear in ferbân mei de hjoeddeiske flechtling.
De twatalige útjefte fan it gedicht ‘Nachtspraak’ wurdt útjûn troch útjouwerij Perio.

nachtspraak