De dichter Jacobus Quiryn Smink hat yn 2013 de Gysbert Japicxpriis wûn mei de dichtbondel Sondelfal. In kar út syn dichterlik oeuvre is no by Tresoar útkaam yn it prachtige en behindige bondeltsje Sierreis mei Fryske gedichten en in Nederlânske oersetting derby fan Jabik Veenbaas.
De bondel sit dizze moanne as bylage by algemien-kultureel opinyblêd De Moanne. Mei de Nederlânske oersettings komt it wurk fan Smink ûnder de oandacht fan in grutter publyk.

Tresoar hat ek filmkes mei de dichter makke, dêr't er gedichten op foarlêst. In seleksje fan de filmkes dy't op Youtube steane: