Waling Gerrits Dykstra (1821, Froubuorren-1914, Holwert) is ien fan de belangrykste Fryske skriuwers fan de njoggentjinde iuw. De omfang fan syn literêre produksje is amper te befetsjen en beslacht inkeld al mear as 120 boeken en boekjes, neist in net te tellen oantal los yn tydskriften publisearre bydragen. Op allerhanne terrein is er aktyf, as roman- en ferhaleskriuwer, dichter, tydskrifteredakteur, foardrager, toaniel- en lieteskriuwer, sjoernalist, folksferhalesamler en letter ek as gearstaller fan it earste Frysk wurdboek. Mear witte oer Waling Dykstra en syn tiid?

Besjoch dan no de bydrage Waling Dykstra en syn tiid, makke troch Abe de Vries, yn it dossier Waling Dykstra op Sirkwy. Kom yn de kunde mei de persoan en de skriuwer en ûntdek wat er allegear út de wei set hat.

As ferdjipping en oanfolling by de fysike útstalling is op Sirkwy in dossier oer Waling Dykstra makke. Yn dat dossier wurde troch saakkundigen, mar ek troch studinten bydragen pleatst oer Waling Dykstra en aspekten út syn wurk en libben. Sa ûntstiet der in lytse digitale tentoanstelling en foarmet it mei dy yn Obe in moai gehiel.