Op 29 oktober is dichter Jelle Zwart ferstoarn. Hy is yn Ljouwert berne, mar groeide op yn Dokkum. Hy studearre sosjology yn Grins en hat him neist syn wurk altyd foar tal fan maatskiplike en kulturele organisaasjes ynset. As dichter kin Jelle Zwart mei rjocht in letbloeier neamd wurde. Yn 2004 debutearre er mei it fers 'Dyn lytse flecht' yn de Fryske Skriuwerskalinder en datselde jier wûn er de Rely Jorritsma-priis mei it fers 'Inkel sân'.
Neidat er him weromlutsen hie út syn bestjoerlike funksjes begûn er him mear mei it dichtsjen dwaande te hâlden. Hy folge in trijetal kursussen skriuwen fan poëzy; earst by Remco Ekkers, dêrnei by Albertina Soepboer en as lêste by Tsjêbbe Hettinga. Dy kursussen en it winnen fan de RJ-priis ynspirearren him om troch te gean mei dichtsjen. Hy debutearre op 79-jierrige leeftyd mei de bondel Sân skeppen sâlt (2006) by útjouwerij Frysk en Frij.