Ljouwert draacht tenei de titel UNESCO City of Literature. Dat is hjoed buorkundich makke. "Mei City of Literature skriuwe wy in wichtich haadstik yn it skiednisboek fan de Fryske literatuer," sa seit Marleen Nagtegaal fan de organisaasje.

Ljouwert komt dêrmei by in selekte groep fan mondiale literatuerstêden. It program City of Literature waard yn 2004 betocht. Sûnt dy tiid is it netwurk, ûnderdiel fan it noch gruttere UNESCO Creative Cities Network, útwreide ta sa'n tritich stêden, wêrûnder Edinburgh, Ljubljana, Praach, Bagdad, Seattle en Melbourne. Mei in grut tal fan dy stêden binne al kontakten opboud om it Frysk literêre netwurk út te bouwen. It netwurk slút hiel goed oan by LF2028, de ambysje fan Ljouwert en Fryslân om ek nei 2018 heechweardige kultuer oan te bieden. De titel is net foar ien jier, mar foar altyd. Neist Utert is Ljouwert no de twadde literatuerstêd fan Nederlân.

De provinsje tanket har essinsjele, ûnderskiedende kulturele identiteit net allinnich oan de Fryske taal, mar ek oan de meartalige kultuer dy't as fansels ûnderfûn wurdt. Net foar neat ûntstie yn it Kulturele Haadstêdjier Lân fan Taal, in mearjierrich program dat mei in soad ferskaat de romte joech oan alle talen en literatueren. 

Earder dit jier is der in bidbook yntsjinne by de UNESCO. Foar de gearstalling waarden allegear minsken út de Frysk literêre wrâld befrege: skriuwers, keunstners, kollektiven en tydskriften. De útkomst late ta in bidbook mei de dielde ambysje: de literatuer yn Fryslân bloeie litte.

Tresoar hat bydroegen oan it bidbook troch in ynventarisaasje fan it literêre fjild anno 2019 oan te leverjen, lykas: wat binne de literêre organisaasjes, watfoar tydskriften binne der en watfoar útjouwers. Tresoar sil de kommende tiid oan it wurk om in program as literatuerstêd te ûntwikkeljen. De Fryske literatuer komt sa better foar it fuotljocht, mei't (nije) skriuwers en keunstners tenei struktureel útdage wurde om har nasjonaal en ynternasjonaal sjen te litten.

Foto: Barbara van Rijn