Hoe seach Waling Dykstra God? Douwe Kalma bekritisearre it Godsbegryp fan Dykstra, want Dykstra soe neat ferstean fan “it mystike” yn ‘e godstsjinst (sjoch Abe de Vries syn Foarwurd by syn blomlêzing fan Dykstra’s gedichten, Duvelskeunstner). Kalma giet der lykwols oan foarby dat Godsbegryp altyd twa kanten hat:
- it mystyk-spirituele dat him uteret yn bygelyks kearskes brâne, meditaasje, yoga
- it sosjaal-humanistyske dat him uteret yn bygelyks jild of tiid oan earmen of siken jaan
It Godsbegryp fan Waling Dykstra is streekrjocht ferbûn mei de sosjaal-humanistyske kant. Dêr kin dan ek in rop om rjochtfeardichheid efter wei komme, en politike stânpunten.
Yn syn bydrage 'It Godsbegryp fan Waling Dykstra' lit Eric Hoekstra fan de Fryske Akademy sjen hoe't it Godsbegryp en Dykstra syn sosjaal-humanistyske kant yn it wurk fan Dykstra nei foarren komme.
As ferdjipping en oanfolling by de fysike útstalling is op Sirkwy in dossier oer Waling Dykstra makke. Yn dat dossier wurde troch saakkundigen, mar ek troch studinten bydragen pleatst oer Waling Dykstra en aspekten út syn wurk en libben. Sa ûntstiet der in lytse digitale tentoanstelling en foarmet it mei dy yn Obe in moai gehiel.