Op de provinsjale ferhalejûn op freed 15 novimber wurdt in ferfolch jûn oan it súksesnûmer fan Kulturele haadstêd fan ferline jier. Obe docht dêr graach oan mei. De hiele jûn wurde hjir ferhalen ferteld yn de trant fan de ‘winterjounenochten’ fan Waling Dykstra. De jûn yn Obe hat dan ek as subtitel: ‘Winterjûnenocht anno 2019’.

Guon skriuwers fan it Other Words/Oare Wurden-projekt binne op dy jûn presint en sille harren ferhaal fertelle.
Hein Jaap Hilarides jout de ôftraap en Karen Bies sil dêrnei har ferhaal fertelle. Dêrnei binne de fertellers oan bar dy’t as skriuwer de kursus ‘Foardrachtskeunst’ folge hawwe. In jûn grôtfol ferhalen!

Other Words/Oare Wurden wie in projekt om ta kreative útwikseling fan skriuwers yn Europa te kommen. Yn de ôfrûne jierren hawwe seis Fryske skriuwers op reis west nei ferskate lannen mei in lytse en/of minderheidstaal. Oarsom hawwe út dy gebieten wei hawwe skriuwers in skoft yn Fryslân tahâlden om hjir nij literêr of multymediaal wurk te meitsjen. Sa ûntstiene oer en wer in soad kontakten tusken skriuwers út oare lannen en regio’s.
Ut Fryslân wei hawwe Bart Kingma, Hein Jaap Hilarides, Gerard de Jong, André Looijenga, Karen Bies en Jan Minno Rozendal oan it projekt meidien. It wurk dat sy skreaun hawwe is bondele en wurdt mei De Moanne ferspraat en is ek op dizze jûn te krijen.

Dizze aktiviteit is ûnderdiel fan de tentoanstelling 'Waling Dykstra - Foarútgong'.

19:00 oere – Iepening oer ‘Oare wurden’
19:05 oere – Hein Jaap Hilarides fertelt in fragmint út syn ferhaal fan ‘Oare wurden’
19:20 oere – Karen Bies fertelt in fragmint út har ferhaal fan ‘Oare wurden’
Dêrnei folgje artisten dy't de kursus Foardrachtkeunst folge hawwe:
19:35 oere – Renske de Boer
19:50 oere – Hedwig Bakker
20:05 oere – Sipke de Schiffart
20:20 oere – Ciska Noordmans
20:35 oere – Ydwine van der Veen
20:50 oere – Renske de Boer
21:05 oere – Hedwig Bakker
21:20 oere – Sipke de Schiffart
21:35 oere – Ciska Noordmans
21:50 oere – Ydwine van der Veen

NB. Dy tiden binne in rjochting en kinne feroarje.