Op Sirkwy binne no priuwkes te lêzen út trije publikaasjes fan Waling Dykstra: Doaitse mei de Noardske balke (printinge 1853), It heamiel by Gealeboer (printinge 1854) en De silveren rinkelbel (printinge 1866). De publikaasjes wurde digitaal oanbean op Delpher, mar binne no foar in lyts part ek te lêzen op Sirkwy.
As ferdjipping en oanfolling by de fysike útstalling is op Sirkwy in dossier oer Waling Dykstra makke. Yn dat dossier wurde troch saakkundigen, mar ek troch studinten bydragen pleatst oer Waling Dykstra en aspekten út syn wurk en libben. Sa ûntstiet der in lytse digitale tentoanstelling en foarmet it mei dy yn Obe in moai gehiel. Sjoch hjir foar it dossier.