Fan Waling Dykstra binne mear as 270 brieven bekend; dêrneist binne hast 480 oan him skreaune brieven bewarre bleaun yn Tresoar. De lêste yn it argyf gie op 6 novimber 1913 de doar út, nei de útjouwer fan syn blêd Sljucht en Rjucht. Yn C-mineur: 'As der gjin middels útfûn wurde om nije lêzers te krijen (mar leafst hjir yn Fryslân) dan wit ik gjin rie mear.'

Ien fan de ûnderdielen fan de tentoanstelling oer Waling Dykstra is de korrespondinsje fan de skriuwer. Abe de Vries fertelt yn de bydrage 'De korrespondinsje fan Waling Dykstra' oer Dykstra koart wat oer de brieven, mei dêrnei scans fan twa brieven út it argyf fan Tresoar.

As ferdjipping en oanfolling by de fysike útstalling is op Sirkwy in dossier oer Waling Dykstra makke. Yn dat dossier wurde troch saakkundigen, mar ek troch studinten bydragen pleatst oer Waling Dykstra en aspekten út syn wurk en libben. Sa ûntstiet der in lytse digitale tentoanstelling en foarmet it mei dy yn Obe in moai gehiel.

Brief Waling Dykstra 001