Yn de earste moannen fan 2020 wurde in pear literêre kursussen oanbean. De skriuwkursus ‘Proaza skriuwe foar bern’ wurdt jûn troch berneboekeskriuwster Hanneke de Jong. Fierder in kursus oer gedichtelêzen, dus net hoe’st in gedicht skriuwst, mar hoe’st in gedicht lêze kinst. Dizze kursus wurdt fersoarge troch Arjan Hut en hjit ‘Moat in gedicht rymje?’

Fierder is der foar 'FeRstival' in skriuwgroep oer hoe’st foardrachtgedichten skriuwst, ek ûnder lieding fan Arjan Hut. De gedichten binne foar bern dy’t foardrage foar it jierlikse foardrachtfestival ‘FeRstival’ en dêrby it basisboekje FeRsefariaasje brûke om in gedicht út te sykjen dat gaadlik is om út foar te dragen. Sjoch by FeRstival dichtersbegelieding.