It dichterlik útwikselingsprojekt Poetic Potatoes hat de Piter Jellespriis foar de Letterkunde wûn. Dat projekt hearde ek by Kulturele Haadstêd 2018 en binnen 'Poetic Potatoes' binne der fjouwer jier gedichten útwiksele tusken Fryslân en Malta. Dat hat in dichtbondel fan 80 gedichten opsmiten. De literêre priis is moandei 9 desimber 2019 troch wethâlder Sjoerd Feitsma oan de minsken fan Stichting De Bildtse Aardappelweken jûn. De sjuery bestie út Goffe Jensma, Kirsten van Santen en Coen Peppelenbos.
'Like simpel as geniaal'
‘Poetic Potatoes’ rûn fan 2014 oant 2018. De sjuery skriuwt yn it rapport: 'Het idee was even simpel als geniaal. Een zak pootaardappelen uit Friesland, uit 't Bildt om preciezer te zijn, ging vergezeld van een gedicht in vertaling en de aardappelen die terug kwamen brachten poëzie van Malta naar Friesland. Het idee heeft ook iets grappigs en een aardser onderwerp voor de poëzie is nauwelijks denkbaar en toch leverde dit uitgangspunt boeiende poëzie op.'
It projekt mingt talen, ierpelboeren, dichters en nasjonaliteiten trochinoar. ‘Poetic Potatoes’ lit de wearde en de krêft fan it lokale en fan de eigen kultuer sjen, lit de sjuery witte.
Piter Jellespriis
De Piter Jellespriis giet om de fjouwer jier nei in literêr wurk dat troch de taal of troch de kar foar in bepaald ûnderwerp in relaasje mei Fryslân hat. De winner krijt in oarkonde en in bedrach fan 2.500 euro fan de gemeente Ljouwert.
Sjueryrapport
Bondel Poetic Potatoes