Op tongersdei 12 desimber is der in jûn oer froulju yn de Fryske literatuer yn Obe, yn it ramt fan de útstalling oer Waling Dykstra. Yn it dossier op Sirkwy oer Dykstra is no in bydrage te besjen fan Babs Gezelle Meerburg oer dat tema.
‘It soe my bare nij dwaan as de maatskippij op sa’n manier [omkeard ynrjochte - BGM] net wat better wurde koe as er no is.’ Sa optimistysk einiget in skôging út 1869 dy’t ús aardich ynsjoch jout yn Waling Dykstra syn wierheid, yn syn fizy op de 19de iuwske maatskippij, op maatskiplike foarútgong. Hy hat yn dizze skôging fan alles by de kop, mar yn dizze bydrage oan de digitale útstalling sjogge wy allinne efkes nei wat er skriuwt oer froulju. Waling jout syn manlike lêzers advizen hoe mei froulju om te gean. Wêrom docht er dat op dy manier? Hoe set er froulju del yn syn literêr wurk? Hawwe Fryske lêzers en skriuwsters syn lûd hearre kind? Dat is nammentlik it tema fan de lêzingen op tongersdei 12 desimber 2019 troch Lida Dykstra en Babs Gezelle Meerburg yn Obe. Lês de bydrage 'Wat dogge de froulju it leafst'?
As ferdjipping en oanfolling by de fysike útstalling is op Sirkwy in dossier oer Waling Dykstra makke. Yn dat dossier wurde troch saakkundigen, mar ek troch studinten bydragen pleatst oer Waling Dykstra en aspekten út syn wurk en libben. Sa ûntstiet der in lytse digitale tentoanstelling en foarmet it mei dy yn Obe in moai gehiel.