Keunstner Sjoerd de Vries is ferstoarn. Yn Tresoar hingje ferskate portretten dy't hy makke fan Fryske skriuwers. Yn maaie fan ferline jier wie hy noch op besite by Tresoar om de keunstwurken te besjen. Hy makke portretten fan ûnder oare Tsjêbbe Hettinga, Rink van der Velde, Jan Wybenga, Nyckle Haisma, Trinus Riemersma (sjoch hjirûnder) en Ypk fan der Fear.
Boppeste foto: Tresoar, Haye Bijlstra.