Op 13 febrewaris lêze tsien Friezen foar út de moaiste gedichten en boekfragminten oer it Fryske lânskip, mei muzikale ymprovisaasjes fan Tseard Nauta. De aktiviteit is ûnderdiel fan de programmearring by de tentoanstelling ‘Uneinige beweging’ oer keunstner JanMurk de Vries. Yn dy tentoanstelling wurde ferskate aspekten fan syn wurk en libben beljochte, dêr't syn relaasje mei de literatuer ien fan is. Yn de nije bydrage 'JanMurk yn tydskrift Hjir' op Sirkwy stiet it wurk sintraal dat er makke hat foar it literêre tydskrift Hjir. Sjoch foar mear ynformaasje oer de aktiviteit op 13 febrewaris yn de aginda.
Yn in spesjaal nûmer fan literêr tydskrift Hjir út 1979 binne tekeningen fan JanMurk de Vries opnommen, dy't er makke hat by in gedicht fan Sybe Krol. It nûmer hyt 'Tekenjend' en D.A. Tamminga jout yn in ynlieding in koarte omskriuwing fan JanMurk syn libben en wurk. Tamminga skriuwt dat men yn syn wurk gauris it protest priuwt, '... de opstelling fan de hjoeddeiske minske, dy't mei syn lyryske ynslach en syn kosmysk rjochte visy de forskynsels dy't mei ús moderne technologyske sivilisaesje anneks binne op ûndûbelsinnige wize to liif giet.' Sjoch foar mear ynfo oer dat spesjale nûmer yn de bydrage 'JanMurk yn tydskrift Hjir'.
Oer it dossier JanMurk de Vries
Yn elts wurk fan JanMurk de Vries (1919 – 2015) sit beweging: lange útsette linen yn it brede lânskip; de beweging fan it tij, tûken, hannen dy't omheech rikke; de ferhâlding tusken minske en natuer, yn it sykjen fan de minske yn de kosmos en yn de bewegende minske ta syn omjouwing. Dat tema stiet sintraal yn de 'Uneinige beweging', dy't fan 25 jannewaris ôf te sjen is yn OBE yn Ljouwert. Om de tentoanstelling hinne wurde ferskate aktiviteiten organisearre, ek mei literêre aspekten. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Tresoar.
As oanfolling by de fysike útstalling wurdt op Sirkwy in dossier oer JanMurk byholden, wêrtroch't der in lytse digitale tentoanstelling ûntstiet dy't mei dy yn Obe in moai gehiel foarmet. Yn dat dossier wurdt yngien op de relaasje dy't hy hie mei de literatuer. Hy hat yn stikmannich Frysk literêre tydskriften bydragen levere, faak mei in sterk engaazjemint. Lykas tekeningen by gedichten oer fersmoarging fan de ierde yn it tydskrift Hjir, dy’t as protesten of warskôgingen sjoen wurde kinne. Dat toant oan hoe’t Fryske tydskriften yn de fyftiger jierren al multydissiplinêr wurken. Oant april wurde ûnder oare sokke tekeningen digitaal oanbean.
Ien fan de tekeningen fan JanMurk de Vries yn it spesjale nûmer fan Hjir.