By it ienfâldige blauwe skriftsje tinkst net fuort dat ien fan de skriuwers derfan yn de earste helte fan de tweintichste iuw hiel populêr yn Nederlân wie. Ien fan dy skriuwers is nammentlik Setske de Haan (1889-1948), better bekend as Cissy van Marxveldt, auteur fan û.o. de Joop ter Heul-rige.

Ferline jier socht de famylje fan Klaas Bauke Boersma (1893-1965) kontakt mei Tresoar. Sy wiene yn it besit fan in deiboekje dat (yn it Nederlânsk) skreaun wie troch Setske en Klaas. It giet om in skrift mei koarte mienskiplike foarfallen yn deiboekfoarm út 1905. De stikjes fan Klaas praktysk en soms koart, dy fan Setske wiidweidich en faak entûsjast.Dagboek 001

Sechstjin jier is Setske as se mei har tolve-jierrige doarpsgenoat Klaas dizze stikjes skriuwt. Wiidweidich beskriuwe se hoe’t se, soms yn it selskip fan syn suske Reink en freon Freark, kuiertochten meitsje troch de omkriten fan Oranjewâld. Op syk nei plantsjes, siedsjes en stekjes fan beammen en strûken strune se de omkriten ôf. Fan it materiaal meitsje se in sabeare laboratoarium by Klaas thús. (‘Deze [vader] had ondertusschen ons laboratorium bezien, dat hij schande genoeg een ‘belabberd ding’ noemde. We waren er, wat heel natuurlijk is, vreselijk over beledigd’, 17 desimber).

By de tochten moetsje se ferskillende minsken dy’t Setske yn har sterke dialogen wiidweidich beskriuwt. Hjirby brûkt se gauris in soarte fan Stedsfrysk dat se yn har lettere boeken ek brûkt. Yn it deistich libben gong Setske net mear nei skoalle ta. Nei trije jier HBS, en úteinlik sûnder diploma, holp se mem yn de húshâlding, (‘maar moest ik moeder helpen boenen, stoffen, wrijven, allemaal huishoudelijke bezigheden’, 25 novimber) gong se om mei har freonen en krige lessen (‘vanmiddag had ik les van juffrouw Laverman en ik heb dus geen tijd gehad nog naar Klaas toe te gaan’, 13 desimber).

Hichtepunt fan it deiboekje is nei alle gedachten it ferslach fan it reiske nei de Tsjonger en Mildaam, dat se ûndernimt mei har heit en Klaas. Hjir einiget it deiboekje ek mei.

It skrift lit sjen hoe’t jonge minsken yn it begjin fan de tweintichste iuw libben. It is net allinne nijsgjirrich foar leafhawwers fan Cissy van Marxveldt, mar ek foar minsken dy’t belangstelling hawwe foar Oranjewâld en omkriten. It is in net kompleet (de earste sien misse), flot skreaun deiboekje en it is bysûnder om te sjen hoe’t har skriuw- en fertelwize op jonge leeftiid wie.

Dagboek 002

 

Dagboek 003

Dagboek 004

Dagboek 005

Dagboek 006

Dagboek 007

Dagboek 008

Dagboek 009

Dagboek 010

Dagboek 011

Dagboek 012

Dagboek 013

Dagboek 014

Dagboek 015

Dagboek 016

Dagboek 017

Dagboek 018

Dagboek 019

Dagboek 020

Dagboek 021

Dagboek 022