Op 6 novimber 2020 is yn Ljouwert de 3e Dei fan ’e Fryske Letterkunde. Der wurde sprekkers socht.
Yn 2020 wurdt betocht dat it 75 jier ferlyn is dat Fryslân befrijd waard. Sadwaande organisearje Tresoar en de Fryske Akademy in kongres oer it tema Befrijing yn 'e Fryske Literatuer. It kongres wurdt op freed 6 novimber 2020 holden by Tresoar yn Ljouwert, de stêd dy't sûnt dit jier de titel UNESCO City of Literature hat. De fiertalen binne Nederlânsk, Frysk, Dútsk en Ingelsk.
It leafst ûntfange wy útstellen dy't passe by it tema, mar oare nijsgjirrige útstellen binne ek wolkom.
Wy wolle hjirmei minsken útnûgje om foar 1 july in útstel foar in lêzing (heal A4, maksimaal 1A4) op te stjoeren nei:
Meindert Reitsma: Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen.
Eric Hoekstra: Dit e-mailadres wurdt befeilige tsjin spambots. JavaScript moat ynskeakele wêze om it te besjen.