Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe yn har gearkomst fan 3 maart 2020 de advyskommisje beneamd foar de dr. Obe Postmapriis 2020. De advyskommisje bestiet út Rein Smilde, Cilla Geurtsen en Cees van Mourik.

De dr. Obe Postmapriis is ornearre foar oersettingen yn en út it Frysk út it tiidrek 2016-2019. De priis is fan de Provinsje Fryslân en de organisaasje is yn hannen fan Tresoar. De priisútrikking is op 22 oktober 2020. De foarrige winner wie Geart Tigchelaar yn 2016 foar syn oersetting Erik of it lyts ynsekteboek fan Godfried Bomans. De priis is neamd nei dichter Obe Postma (1868-1963), dy't sels oersettingen makke hat út ûnder oare it Dútsk en Amerikaansk. Mear ynformaasje oer de priis en de eardere winners op Sirkwy.

Rein Smilde (1957) groeide op yn in húshâlding dêr't in soad omtinken oan taal en muzyk jûn waard. Hy studearre Frysk oan de Noardlike Leargongen yn Ljouwert en Frysk en Ingelsk oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Hy wurket as learaar Ingelsk oan de media-opliedings fan ROC Friese Poort yn Drachten.

Cilla Geurtsen (1972) studearre Nederlânsk oan de Ryksuniversiteit fan Grins, mei Moderne Letterkunde as rjochting. Se jout Nederlânsk op de learare-oplieding oan de NHL Stenden en Piter Jelles Stedelijk Gymnasium. Dêrneist skriuwt se resinsjes foar de Ljouwerter Krante, Tzum.info en wie se de ôfrûne trije jier foarsitter fan de Gouden Gurbe-sjuery. Se wurket ek mei oan de Fryske en Nederlânske ôfdielings fan Lezen voor de Lijst.

Cees van Mourik (1947) hat nei syn skoaltiid en oplieding yn Dútslân oan de Ryksuniversiteit fan Grins Dútsk studearre, mei Frysk as byfak. Dêrnei wurke er as learaar Dútsk yn it middelber ûnderwiis en as manager fan it Ynstitút foar Nederlânsk-Dútske hannel oan de Hegeskoalle Drinte en Hochschule Osnabrück. Sûnt 1996 is er selsstannich ûndernimmer.

Tresoar, 04-03-2020.