Update 16 maart: de programma's binne ôfsein troch it coronafirus, mar de boekewike is ferlinge oant en mei 31 maart.
Op 7 maart is de Boekewike iepene mei in literêre jûn yn Ljouwert, mei as haadgasten Annejet van der Zijl en Baukje Zijlstra. Van der Zijl skreau it lanlike boekewikegeskink, dat troch Zijlstra oerset is yn it Frysk: Leon & Juliette. Oant en mei 19 maart wurde der op ferskate plakken yn Fryslân literêre programma's fersoarge.
Yn de Boekewike krije klanten by oankeap fan minimaal € 15,00 oan boeken it Boekewikegeskink kado. De klant kin kieze tusken de Frysktalige en de Nederlânsktalige edysje as geskink. De Boekewike is fan sneon 7 maart oant en mei snein 15 maart. Fan 8 oant en mei 19 maart wurde der literêre progamma’s fersoarge troch skriuwer en muzikant Bennie Huisman, skriuwster Baukje Zijlstra en skriuwer/byldzjend keunstner Sytse Jansma en de dichters Anne Feddema, Martin Reints en Edwin de Groot. Sjoch foar mear ynformaasje by Boeken fan Fryslân.
Annejet van der Zijl
Mei bestsellers lykas Sonny Boy, Bernhard en De Amerikaanse prinses is Annejet van der Zijl (Querido) ien fan de ferneamdste en meast lêzen auteurs fan Nederlân. Van der Zijl wurdt ek wol de net-kroande keninginne fan de literêre non-fiksje neamd. Ek de jongerein wurdearret har boeken: Sonny Boy stiet yn de top 10 fan meast populêre boeken ûnder eksamenkandidaten havo en vwo. Foar har oeuvre krige Van der Zijl ûnder oaren de Gouden Ganzenveer.
De literêre jûnen wurde organisearre troch Boeken fan Fryslân, in promoasjekampanje foar alle Fryske skriuwers en útjouwers, mei as doel om mear minsken Fryske boeken lêze te litten. It Nederlânske Boekewikegeskink wurdt alle jierren skreaun yn opdracht fan it CPNB, Boeken fan Fryslân is de opdrachtjouwer fan it Fryske Boekewikegeskink.