Yn de fyftiger, sechstiger en santiger jierren hat JanMurk de Vries wurk levere foar guon literêre tydskriften. Earder hat der ek al omtinken west foar Quatrebras en Hjir, mar ek foar in nûmer fan De Tsjerne hat er in rige tekeningen makke. Dy tekeningen binne yn de bydrage 'JanMurk yn tydskrift De Tsjerne' te besjen. Yn maaie fan 1965 fersoarge de redaksje in dûbelnûmer mei persoanlike oantinkens fan skriuwers yn proaza of poëzy oer de earste oarlochsdagen yn 1940, yn dy tiid dus 25 jier ferlyn. Sa'n tweintich skriuwers hawwe har oantinkens op papier set, lykas Sjoerd Spanninga, Jo Smit en Tiny Mulder.
Oer it dossier JanMurk de Vries
Yn elts wurk fan JanMurk de Vries (1919 – 2015) sit beweging: lange útsette linen yn it brede lânskip; de beweging fan it tij, tûken, hannen dy't omheech rikke; de ferhâlding tusken minske en natuer, yn it sykjen fan de minske yn de kosmos en yn de bewegende minske ta syn omjouwing. Dat tema stiet sintraal yn de 'Uneinige beweging', dy't fan 25 jannewaris ôf te sjen is yn OBE yn Ljouwert. Om de tentoanstelling hinne wurde ferskate aktiviteiten organisearre, ek mei literêre aspekten. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Tresoar.
As oanfolling by de fysike útstalling wurdt op Sirkwy in dossier oer JanMurk byholden, wêrtroch't der in lytse digitale tentoanstelling ûntstiet dy't mei dy yn Obe in moai gehiel foarmet. Yn dat dossier wurdt yngien op de relaasje dy't hy hie mei de literatuer. Hy hat yn stikmannich Frysk literêre tydskriften bydragen levere, faak mei in sterk engaazjemint. Lykas tekeningen by gedichten oer fersmoarging fan de ierde yn it tydskrift Hjir, dy’t as protesten of warskôgingen sjoen wurde kinne. Dat toant oan hoe’t Fryske tydskriften yn de fyftiger jierren al multydissiplinêr wurken. Oant april wurde ûnder oare sokke tekeningen digitaal oanbean.
Ien fan de tekeningen fan JanMurk de Vries yn it nûmer fan De Tsjerne.