Dit jier steane wy stil by de befrijing, 75 jier lyn. Oer it tema ‘75 jier frijheid’ hat Tresoar in skriuwwedstriid organisearre. Seis ynstjoeringen binne bekroand.

De winners binne by de ferhalen binne:
- earste priis foar ‘Oare kant grins’ fan Koos Tiemersma
- twadde priis foar ‘Mei de boat nei Ljouwert’ fan Ludzer van der Schors
- tredde priis foar ‘Wer werom’ fan Jan Minno Rozendal

De winners binne by de gedichten binne:
- earste priis foar ‘de put’ fan Syds Wiersma
- twadde priis foar ‘Neat’ fan Neeltje Terpstra
- tredde priis foar ‘Yn alle talen lyk’ fan Nynke Terpstra

De feestlike priisútrikking, dy't pland wie foar 17 april, kin fanwegen de coronakrisis net trochgean. Om de winnende bydragen hearre litten, ha we de skriuwers frege om har eigen ferhaal of gedicht yn te sprekken. Beharkje de bydragen op YouTube (klik op de nammen fan de winners hjirboppe).
De teksten steane ek yn Letterhoeke (nûmer 1 fan 2020).

De oanlieding foar de skriuwwedstriid wie dat it dit jier 75 jier ferlyn is dat Nederlân en it grutste part fan Europa befrijd waarden. En Fryslân waard ek befrijd, as provinsje en as mienskip. Mar wat betsjut dat foar ús as yndividu? Wurdearje wy de frijheid wol of binne wy bedoarn? Is elke foarm fan frijheid wol like goed? Sadwaande wie it tema fan de skriuwwedstriid fan Tresoar: 75 jier frijheid.

Op de skriuwwedstriid kamen 9 ferhalen en 19 gedichten binnen. De sjuery, besteande út Nienke Jet de Vries, Doeke Sijens en Eric Hoekstra, hat de bydragen anonym beoardiele en seis prizen takend (trije ferhalen en trije fersen).