Op Sirkwy is in begjin makke om ek boekprofilen oan te bieden fan dichtbondels, lykas it wurk fan Elske Kampen, fan it debút Fan glês it brekken (2010) oant en mei de lêsten ferskynde bondel Ntrije55 (2020).
Ek binne al fiif bondels fan Eeltsje Hettinga beskreaun, ûnder oare Akten fan winter, syn debútbondel út 1998.

It is 'wurk yn útfiering', dat geandewei komme der mear en mear titels beskikber. By de boekprofilen is koart wat ynformaasje oer de ynhâld, mei - as dy der binne - besprekken of oare stikken. Dêrneist wurdt in link lein nei de biografy fan de skriuwer. Sa hopet Tresoar it omtinken foar de poëzy te fergrutsjen. It past dan ek yn it belied om Sirkwy út te wreidzjen mei mear sjenres, om sa de Fryske literatuer yn syn hiele hear en fear sjen te litten.