Op 8 maaie is dichter en keunstskilder Barte Laverman ferstoarn. Laverman studearre, neidat er de ûnderwizersoplieding folge hie, MU-Nederlânsk en LU-Tekenjen. Dêrnei die er oan de Grinzer universiteit noch teoretyske en "wijsgerige" pedagogyk, hy studearre ôf yn 1977, cum laude. Hy wurke as dosint filosofy op Academie Minerva te Grins.

As dichter debutearre Bartle Laverman mei it fers Forsiking fan it Hillige ik yn literêr tydskrift De Tsjerne (nû. 7/8-1968). Dêrnei publisearre er ûnder mear yn Sonde, De Strikel en Trotwaer. Fan Trotwaer makke er diel út fan de redaksje yn de jierren 1971-1976.

Syn earste dichtbondel, It freeslik feest (mei tekeningen fan Anne de Vries), ferskynde yn 1969. It stripferhaal Jodokus, dat yn 1973 as ekstra nûmer fan literêr tydskrift Trotwaer út kaam, skreau er ek yn ’e mande mei De Vries. Laverman blykte in produktyf dichter te wêzen, nei syn debútbondel yn 1969 ferskynde der in fiks oantal bondels fan syn hân. Syn lêste bondel wie In echte Fries, dy't yn 2016 útkaam.

Lês mear:
- Biografy (Frysk)
- Biografie (Nederlands)
- Yn memoriam, Leeuwarder Courant 11-05-2020
- 'As it sjongen fan de fûgels belunet', Arjan Hut op De Moanne, 11-05-2020
- Huub Mous oer Laverman op De Moanne, 11-05-2020
- Lytse skôging oer it wurk fan Laverman troch Eeltsje Hettinga op syn weblog, 12-05-2020

Foto auteur: Haye Bijlstra, Tresoar.