t twadde priuwke fan de bondel Do draachst de leafde oan is yn de rubryk Utljochte op Sirkwy te lêzen. It is in fers fan de jonge dichter Joël Hut (1995) yn de bondel. De blomlêzing befettet fragminten fan poëzy en proaza mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender-tematyk. It giet dêrby net om hoe’t de skriuwer him- of, de skriuwster harsels definiearret, it giet om hoe’t in tekst him lêze lit, om hoe’t de redaksje dy tekst lêzen hat, nammentlik mei de rôze bril op.
 
De kommende moannen (om de twa wiken) folgje mear priuwkes, yn it Frysk mei Nederlânske oersetting en koart wat ynformaasje oer de skriuwer. Lês de earste bydrage mei wurk Titia Brongersma werom. Der folget noch wurk fan Rixt Weiland, Sybe Krol, Janneke Spoelstra en Sipke de Schiffart. 

Oanlieding om de blomlêzing gear te stallen wie dat de lanlike ‘Roze Zaterdag’ op 20 juny yn Ljouwert hâlden wurde soe. Dy is no fanwegen it coronafirus in jier útsteld. De redaksje fan de rôze blomlêzing bestiet út Jelle Krol, Jantsje Post, Doeke Sijens, Janneke Spoelstra en Tsjerk Veenstra. De blomlêzing kin mei it rike ferskaat in bydrage leverje oan akseptaasje, dokumintaasje, emansipaasje, ferdivedaasje, identifikaasje en represintaasje fan en foar rôs libben yn Fryslân.


Foto: Joël Hut (makke troch Line Hut).