Dichter fan Fryslân Nyk de Vries wol kommend skoaljier by middelbere skoallen del mei in literêr lesprogramma.

Wêrom kinne literatuer en poëzy sa moai wêze? De Dichter fan Fryslân jout it antwurd yn in literêr lesprogramma dat hy spesjaal foar middelbere skoallen yn Fryslân makke hat. Middelbere skoallen yn Fryslân kinne fia de webside fan Dichter fan Fryslân in fergees skoaloptreden boeke foar it kommende skoaljier ('20 - '21).

De Dichter fan Fryslân biedt ferskillende lesprogramma’s oan oer poëzy en literatuer, yn kombinaasje mei muzyk en fideo. De lesprogramma's bestean út in optreden en in les yn ien. 
 
Nyk de Vries (Noardburgum, 1971) bringt op in tagonklike en humoristyske wize, syn - foar in grut part - eigen ferhaal. Dat is in ferhaal oer syn middelbere skoaljierren yn Bûtenpost. As boufakkerssoan komt er út in húshâlding dêr’t literatuer net fanselssprekkend wie. Hy fertelt oer syn eigen wille en ûnwissens yn dy tiid, oer fereale wêze en ferwachtings en foaral oer hoe’t er yn dy jierren mei it skriuwen en de literatuer yn oanrekking kaam.
 
It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan in Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij.