Yn maart moasten ek de literêre kursussen by Tresoar ophâlde yn ferbân mei koroana. Yn de hjerst wurde wer kursussen oanbean, fansels wurdt rekken holden mei de koroanamaatregels. Hjirûnder is in oersjoch fan de kursussen te finen.
- Kursus In koart ferhaal skriuwe troch Koos Tiemersma. Skriuwe, hoefolle minsken tinke der net oer om dat ris te dwaan? Mar hoe? Wat binne de falkûlen, hoe kinne lêzers yn in ferhaal lutsen wurde, hoe wurket taal? Dat (en mear) komt oan ’e oarder yn in koarte kursus fan trije jûnen. Opjefte foar 15 septimber. Mear ynformaasje.
- Kursus Proaza skriuwen foar bern troch Hanneke de Jong. Woest altyd al ris in berneferhaal skriuwe? Of miskien in berneboek? Liket it dy moai om dyn fantasije oan it wurk te setten? Mar hoe dochst dat? Hoe fier rikt dyn ferbylding? Hoe witst oft it geskikt is foar bern? Hoe skriuwst spannend of grappich of libbensecht? Wat wurket foar dy en wat perfoarst net? Dan fersoarget berneboekeskriuwster Hanneke de Jong (www.hannekedejong.frl) in geskikte basiskursus foar dy. Mear ynformaasje.
- Kursus libbensferhalen skriuwen 2020 troch Marga Claus. Dy kursus wurdt net troch Tresoar organisearre, mar is wol yn it gebou fan Tresoar. Sjoch foar mear ynformaasje: www.margaclaus.nl.
- Dêrneist wurdt mei dichterskollektyf RIXT in kursus oer it skriuwen fan poëzy opsetten. Dy kursus is ynearsten rjochte op RIXT-dichters.