Op 6 septimber wurdt Durk van der Ploeg 90 jier. De skriuwer is al desennia literêr aktyf en hat in grut oeuvre byinoar skreaun. Op hege leeftyd skriuwt er noch altyd en wurdt syn wurk ek noch hieltyd lêzen. Yn in dossier dat Tresoar ta eare fan Van der Ploeg syn 90ste jierdei oanleit op Sirkwy wurde ferskate aspekten beljochte. Mei hjoed: de omslaggen fan syn boeken op in rychje, part 1.

Yn gronologyske folchoarder binne dit de boekútjeften dy't Durk van der Ploeg op syn namme hat. Fan guon boeken hat er sels ek it omslach makke. Besjoch de omslaggen by Utljochte.

Lok op eachlingte

It debút fan Durk van der Ploeg: Lok op eachlingte (gedichten, 1959).