Op 6 septimber is Durk van der Ploeg 90 jier wurden. De skriuwer is al desennia literêr aktyf en hat in grut oeuvre byinoar skreaun. Op hege leeftyd skriuwt er noch altyd en wurdt syn wurk ek noch hieltyd lêzen. Yn in dossier dat Tresoar ta eare fan Van der Ploeg syn 90ste jierdei oanleit op Sirkwy wurde ferskate aspekten beljochte. Mei hjoed: de omslaggen fan syn boeken op in rychje, part 2.

Part 1 is ferline wike pleatst en jout in oersjoch fan syn boeken fan 1959 oant 1998. Sjoch dy omslaggen yn de bydrage Omslaggen op in rychje 1. Yn gronologyske folchoarder binne hjirûnder de boekútjeften fan 1998 oant no te finen. Fan guon boeken hat er sels ek it omslach makke. Besjoch de omslaggen fan 1998 ôf by Utljochte.

en it hie sa moai weze kinnen 2020

De meast resinte útjefte fan Durk van der Ploeg: en it hie sa moai wêze kinnen (2020).