Op 6 septimber is Durk van der Ploeg 90 jier wurden. De skriuwer is al desennia literêr aktyf en hat in grut oeuvre byinoar skreaun. Op hege leeftyd skriuwt er noch altyd en wurdt syn wurk ek noch hieltyd lêzen. Yn in dossier dat Tresoar ta eare fan Van der Ploeg syn 90ste jierdei oanleit op Sirkwy wurde ferskate aspekten beljochte. Mei hjoed: fragminten út de roman De Belvedêre (2012) ferwurke yn in filmke troch studinten fan NHL Stenden. 

Snein 28 juny 2020 organisearren studinten fan de learare-oplieding Frysk fan NHL Stenden Hegeskoalle yn harren entûsjasme mei harren dosint Babs Gezelle Meerburg in kuiertocht troch de bosk fan Ypeij by Swarteweisein om de lokaasje dêr’t de roman De Belvedêre him foar in grut part ôfspilet neier kennen te learen. Yn in filmke binne bylden fan dy kuiertocht ferwurke en wurde fragminten út it boek foarlêzen. Sjoch foar it filmke by Utljochte: Durk van der Ploeg.

de belverdere