Mannich leafhawwer sil it mei my iens wêze dat it ûntdekken fan it wurk fan in keunstner in alderaardichst gelokmomintsje is. As it giet om in skilder, byldhouwer, sjonger of in skriuwer, witte dat it grutte wurk dat sy makke hawwe dy noch ûnbekend is en datst dat wurk noch ta dy nimme meist,  iepenet de poarten nei dyn eigen ik. Durk van de Ploeg is sa’n keunstner foar my.

Sa begjint studint Hessel Yntema in stikje oer Durk van der Ploeg. Yntema is studint oan de NHL Stenden Hegeskoalle en sprekt syn wurdearring út foar de skriuwer. Lês fierder yn it dossier oer Van der Ploeg.

Oer it dossier:
Op 6 septimber is Durk van der Ploeg 90 jier wurden. De skriuwer is al desennia literêr aktyf en hat in grut oeuvre byinoar skreaun. Op hege leeftyd skriuwt er noch altyd en wurdt syn wurk ek noch hieltyd lêzen.
Yn in dossier dat Tresoar ta eare fan Van der Ploeg syn 90ste jierdei oanleit op Sirkwy wurde ferskate aspekten beljochte.